Cookie beleid vv DWP

De website van vv DWP is in technisch beheer van VoetbalAssist en gebruikt cookies. Hieronder de cookies waar we je toestemming voor nodig hebben. Lees ons cookiebeleid voor meer informatie.

Functionele cookies

Voor een goede werking van de website worden deze cookies altijd geplaatst.

Analytische cookies

Google analytics Toestaan Niet toestaan

Marketing cookies

Facebook Toestaan Niet toestaan

Irmen de Vries wint @PraatMarFrysk Fryske Sparta Beppe fyts!

Irmen de Vries wint @PraatMarFrysk Fryske Sparta Beppe fyts!

21 december 2011 10:40


Irmen de Vries, sûnt dit seizoen spiler fan DWP 3 / 4 en ek wol bekend as de man fan dûmny (dominee) Sara de Vries, hat fan 'e moarn in prachtich moaie Sparta Beppe fyts wûn mei syn bod fan 440 euro by de @PraatMarFrysk Serious Request aksje "Dizze is foar Mem"! Dit is in feiling foar 3FM's Serious Request, mei ûnder oaren: 50 meter droege woarst (miskien noch wol lekkerder as dy fan ús eigen Lieuwe), in tsiis fan 100 kilo, in workshop fan de ienige echte Jouster tv-kok Reitse Spanninga, 1 m2 oranjekoeke en dizze gloednije Fryslân fyts. Ek meidwaan? Fan moandei 19 desimber oant freed 23 desimber 17.00 oere, kin der bean wurde op in grut ferskaat oan bysûndere Fryske produkten. De folsleine opbringst fan de ynternetfeiling giet nei Serious Request. Wolsto in bydrage leverje oan it goede doel en der sels ek noch wat moais oan oerhâlde? Hup, gean dan nei de feilingside (klik hjir)! Slagget it dy net om bygelyks in tsiis fan 100 kilo op te iten, kinst fansels altyd dyn team/leiders/baas op it wurk freegje om as groep in bod te dwaan! PS: Jochum (DWP3) stiet op it momint fan skriuwen op it punt de 60 Molkwarder koeken te winnen mei in bod fan 80 euro! Gietsto dêr oerhinne?
Delen

voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!